't Haske yn Balk ticht

© Omrop Fryslân
't Haske yn Balk is foarearst ticht. It sosjaal kultureel sintrum is net brânfeilich neffens brânwacht en gemeente. It bestjoer hie oanjûn de ferantwurdlikheid foar it pân net mear drage te wollen en frege om in oplossing.
Fan 'e wike wurdt besjoen hoe't it gebou ienfâldich brânfeilich makke wurde kin. In mooglikheid is it oanbringen fan brânfertraagjende plafonds.