Undúdlikheid oer skea ATF-brân

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Smelle Ie easkje noch hieltyd in ûnôfhinklik ûndersyk nei de gefolgen fan de ATF-brân yn Drachten. De bewenners kamen freed mei fertroulike ynformaasje nei bûten dat in hege konsintraasje arseen yn de grûn fûn is.
Neffens deputearre Mulder wurde de sifers net goed ynterpretearre en soe it gefaar foar de sûnens tafalle. Yn april komt de provinsje mei har einrapport.