Soad skea troch brân yn opslach

© Omrop Fryslân
In brân yn de opslach fan in elektroanikasaak yn Ljouwert hat freedtemoarn foar hast in miljoen gûne skea oanrjochte. Yn de opslachromte oan de Van Manderstrjitte stiene benammen waskmasines en droegers opslein.
De plysje hâldt rekken mei brânstifting. Op itselde stuit wie ek brân oan de Sixmastrjitte. Mooglik dat de twa saken ferbân mei-elkoar hâlde.