Harns versus Waadferiening

© Omrop Fryslân
Maatregels foar beskerming fan fûgels moatte by de seedyk ophâlde. Mei dat stânpunt stiet de gemeente Harns tsjinoer de Waadferiening. Dy wol dat de 'Fûgelrjochtlinen' jilde oant in kilometer binnendyks ta.
Neffens boargemaster Arlman sei de Waadferiening twa jier ferlyn noch dat se weromhâldend wêze soe. It nije stânpunt is dan ek net konsekwint.