Mear hertoperaasjes yn MCL

It MCL yn Ljouwert wol hertoperaasjes fan it sikehûs yn Enschede oernimme. De wachtlisten yn it Noarden groeie, om't it Akademysk Sikehûs yn Grins te min personiel hat. Sadwaande moatte in soad Friezen nei Brabân útwike. Enschede seit kapasiteit oer te hawwen.
It MCL is op 't stuit dwaande operaasjekeamers yn te rjochtsjen. It Ryk moat lykwols noch wol in fergunning ôfjaan.