Fertraging plan wetteroerlêst

© Omrop Fryslân
It herstelplan fan de kaaien en oevers yn Fryslân rint fertraging op. De wetterskippen kinne mar dreech jild fine om de plannen te beteljen. Der moat rûchwei fjouwerhûndert miljoen op it kleed komme.
Boppedat blykt dat in soad boeren har lân min ôfstean wolle foar it projekt. It plan moat der foar soargje dat Fryslân yn de takomst droege fuotten hâldt.