Tiisdei útspraak oer Frysk

Tiisdei wurdt dúdlik oft Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam (UvA) in haadfakstúdzje bliuwt. Dan docht de rjochter útspraak yn it koart pleit dat de provinsje oanspand hat tsjin de UvA.
De UvA wol de oplieding skrasse. De provinsje, de Fryske Akademy en in soad oaren binne dêr op tsjin. De útspraak yn it pleit komt in dei foardat de universiteit in beslút nimme moat.