Minderheidskolleezje Gaasterlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Gaasterlân-Sleat krijt per 1 maart in nij kolleezje. De 53-jierrige Ynsen de Boer wurdt wethâlder foar de Christen Unie. De Boer folget PvdA-wethâlder Wiesje Oosterhof op. De Christen Unie hat ien sit yn 'e ried.
It kolleezje wurdt no foarme troch CDA en Christen Unie dy't mar 6 fan de 13 sitten ha. De FNP, dy't 3 sitten hat, koe it net iens wurde mei it CDA.