Mokselfisker wer yn bestjoer

© Omrop Fryslân
De Waadferiening moat mokselfisker Van den Berg wer talitte yn it bestjoer. Dat hat de rjochtbank bepaald. Yn desimber waard de fisker skorst troch de rest fan it bestjoer om't er de belangen fan de feriening net boppe-oan ha soe.
De waardferiening moat de skorsing fan Van den Berg ynlûke om't dy yn striid is mei de statuten. De feriening tinkt dat de leden him no út it bestjoer sette.