Weropbou ôfbaarnde ATF-loads

Offalferwurker ATF yn Drachten wol de ferline jier ôfbaarnde opslachloads wer opbouwe. By dy brân gie 500 ton gemysk ôffal yn flammen op. De nije hal wurdt wol ekstra befeilige. Sa wurdt er yn 7 kompartiminten ferdield en komt der in automatysk blussysteem.
Omwenners binne net bliid mei it plan. Der rint nocht in provinsjaal ûndersyk nei de bliuwende skea fan de brân.