Nije slûsdoarren foar De Domp

It slûske De Domp yn Snitser Aldfeart hat nije doarren. De houten sketten binne der moandei ynset. Opknappe wie nedich want de âlde slûsdoarren lekten. Boppedat binne de rinketten fernijd.
De gemeente hat it slûske út 1912 okkerdeis oernommen fan it wetterskip. Se wie al ferantwurdlik foar it ûnderhâld. De slûs wurdt ûnderdiel fan de takomstige Middelseefarrûte.