Aldehou net de brykste toer

© Omrop Fryslân
De Aldehou yn Ljouwert is net de brykste toer fan Nederlân, lykas faak tocht wurdt. Dat meldt alteast de reisgids 'Het toppunt van Nederland'. Neffens de gearstaller is dy fan Bedum folle skeaner.
De Bedumer toer stiet 2.61 meter út it lead en de Aldehou mar 1.93 meter. Fryslân hat wol it keunstsinnichste hûs: it Ruerd Wiersmahûs yn Burdaard.