Ien gedicht yn ferskate talen

Yn it ramt fan it Europeesk Jier fan de Talen sammelje it FLMD en Omrop Fryslân oersettings fan in gedicht. It giet om it fers 'Bitterswiet' fan Tiny Mulder. It is ûnder oare nei te lêzen op www.omropfryslan.nl
Doel is safolle mooglik oersettings byinoar te krijen. Dy wurde fan 't hjerst útbrocht yn boekfoarm en op cd. Der binne al fiif nije ferzjes.