Matich duel Hearrenfean-Roda

SC Hearrenfean en Roda JC lieten sneon in matich duel sjen yn it Abe Lenstrastadion. Meastentiids resultearret in treffen tusken beide clubs yn in soad doelpunten, mar diskear bleau it 0-0.
Rodaspiler Nygaard makke wol in goal mar de skiedsrjochter karde dat ôf. Hearrenfean krige noch in kânske troch in skot op goal fan Nurmela. It ketste lykwols ôf op de latte.