Topferkeap Playboy yn Stiens

De Albert Heijn yn Stiens ferkocht sneon op ien dei 600 eksimplaren fan bleatblêd Playboy. Fans koene blêd en foto's signeare litte troch covergirl Hieke út Stiens, dy't namme makke as de 'babe' fan Big Brother2.
De belangstellenden kamen net allinnich út eigen doarp. In fan út Eindhoven wie nei Stiens riden om in Playboy mei hanteken fan Hieke te bemachtigjen.