Grondsma wer op Woeste Oane

© Omrop Fryslân
Skûtsjeskipper Jitse Grondsma bliuwt silen op De Woeste Oane. Grondsma makke koartlyn de oerstap fan IFKS nei SKS. Hy sil sile foar Drachten. De kommisje fan Drachten hat no ek syn skûtsje oernaam.
Grondsma sylde ôfrûne jierren mei De Woeste Oane yn de IFKS - mei it noadige súkses. Drachten hopet dat deselde kombinaasje ek yn de SKS yn 'e prizen sylt.