Kollumerlân wol lytser azc

© Omrop Fryslân
De ried fan Kollumerlân hat tongersdei besletten de plannen foar in azc troch te setten. It giet dan om in sintrum mei 250 bewenners, lykas foarsteld is troch de twa bemiddelers yn de kwestje.
It eardere beslút om te kommen ta in sintrum mei 400 bewenners, wurdt ynlutsen. As it COA dêr net mei akkoart giet, komt der gjin azc yn de gemeente. Oer de lokaasje moat noch praat wurde.