Dútsk BSE-ôffal nei Sumar

© Omrop Fryslân
Destruksjebedriuw Rendac yn Sumar sil ek BSE-risikomateriaal út Dútslân ferwurkje. Dat makke deputearre Mulder woansdei bekend yn de steatekommisje Wettersteat en Miljeu.
Mulder is net bliid mei de situaasje: "Yn needsituaasjes is de kâns grut dat wy derûnder bedobbe wurde". Mooglik smyt it weilekken fan BSE-prioanen (aaiwiten) gefaar foar de folkssûnens op.