Op 'e nij gemysk ôffal fûn

© Omrop Fryslân
Op 'e nij hat de plysje in grutte mannichte gemysk ôffal fûn. Dizze kear by Breesândyk. It giet om 60 fetten, wêrfan't in part noch fol siet mei gemysk ôffal dat brûkt wurdt by it meitsjen fan XTC.
By Marrum efter de seedyk waard dizze wike ek gemysk ôffal fûn. It giet om fetten, jerrycans, doazen en amers. Alle ôffal is ôffierd nei ATF yn Drachten.