SCI sil 3 miljoen werombetelje

Kompjûterbedriuw SCI op It Hearrenfean moat 3 miljoen gûne werombetelje oan de Europeeske Kommisje. Dat hat Eurokommissaris Monti besletten. Neffens Monti hat SCI tefolle subsydzje krigen. Mei dit oardiel komt in ein oan de kwestje.
Deputearre Van Klaveren is bliid dat der lang om let dúdlikheid is. Provinsje, NOM en ryk krigen ferskate kearen krityske fragen fan Europeeske amtners.