Mooglike krisis yn bisdom

© Omrop Fryslân
De pastoraalwurkers yn it bisdom fan Grins meitsje har soargen oer it optreden fan biskop Eijk. Dat die bliken op de gearkomste fan de Feriening yn Drachten. De biskop soe net kommunisearje en net witte wat yn it bisdom libbet.
De meiwurkers wolle op 'e nij mei Eijk om 'e tafel as er better is. Fan in aksje, sa't de 8-meibeweging frege, ha de pastoraal wurkers gjin ferlet.