FNP beleit nije ledegearkomste

© Omrop Fryslân
De leden fan 'e Frysk Nasjonale Partij krije op 1 maart op 'e nij de kâns om harren út te sprekken oer it wol of net meidwaan oan lanlike ferkiezings. Tsien FNP-leden hawwe om de gearkomste frege.
Ferline wike freed stimde in lytse mearderheid tsjin it útstel om 'yn prinsipe' mei te dwaan oan Twadde Keamerferkiezings. As de partij meidocht is dat yn gearwurking mei oare partijen.