Flexa yn Snits wurdt ferkocht

© Omrop Fryslân
It farvefabryk Flexa yn Snits wurdt troch Akzo Nobel ferkocht oan it Finske bedriuw CPS-Colro BV. Foar de 65 fêste wurknimmers hat de oername foarearst gjin gefolgen. Akzo Nobel hat ek in ôfnamegarânsje ôfjûn.
Twa jier lyn soe it Flexa-fabryk ticht moatte. Nei personielsaksjes waard dat útsteld. De fakbûnen binne net wis fan de wurkgelegenheid op 'e lange termyn.