Supporters Ids nei Boedapest

© Omrop Fryslân
De hurde kearn fan de supportersklub fan Ids Postma is freedtemoarn ôfreizge nei Boedapest. De fans binne net benaud dat it WK-reedriden net trochgean sil fanwege it moaie waar yn de Hongaarske haadstêd.
De fans ha de reis in dei langer boekt as de foarige kear om't de wedstriid útrinne kin fanwege de lange dweilpauzes. Se wolle de huldiging net misse.