Boedapest te waarm foar WK?

© Omrop Fryslân
It is yn Boedapest oerdei te waarm om te reedriden. De iismasjine fan 1929 kin it net bolwurkje tsjin de maaitiidswaarmte fan 14 graden. De riders trene dêrom op it stuit yn de jûnsoeren.
At it de kommende dagen sa waarm bliuwt yn Hongarije wurde de wedstriden ferskood nei de jûnsoeren. Foar it meitsjen fan in moaie iisflier is iismaster Eidloth fan Inzell nei Boedapest helle.