Dupearren bondelje krêften

© Omrop Fryslân
Slachtoffers fan 'e malafide fermogensbehearder Bouwman út Westerbork bondelje harren krêften. Troch mei-inoar op te treden hoopje de dupearren sterker te stean yn 'e striid tsjin de ûndernimmer.
Bouwman hat fraudearre mei 10 miljoen gûne fan partikulieren. Dêrtroch binne ferskate bedriuwen fallyt gien. Bouwman syn fersekeringportefeulje is koartlyn oernommen troch in Hearrenfeanster.