Ljouwert as gedichtestêd
Ljouwert moat in echte gedichtestêd wurde, fynt de stichting Poëzyrûte Ljouwert. De stichting wol dit jier 10 nije gedichtestiennen pleatse yn de binnenstêd.
De stichting is yn 1993 ûntstien nei it ôfskie fan boargemaster Te Loo fan Ljouwert. Op it stuit binne der 13 gedichtestiennen. De stien fan Simon Vestdijk wurdt dizze wike ferfongen.