Sike Cramer net nei WK

Wieteke Cramer hat woansdei ôfsein foar it WK allround, takom wykein yn Budapest. De 19-jierrige reedrydster fan De Lemmer hat bronchitis. Barbara de Loor sil har ferfange.
Cramer pleatste har foar it toernoai yn Hongarije troch op it EK yn Baselga brûns te winnen. Se debutearre dêr. Yn Budapest soe se ek foar it earst oan in WK meidwaan.