Wenpleatske Gersleat ôfbaand

© Omrop Fryslân
In wenbuorkerij yn Gersleat is tiisdei folslein ôfbaarnd. In skoarstienbrân wie neffens de brânwacht de oarsaak. Trochdat it pleatske in reiten tek hie baarnde it as in liere. Der wie úteinliks neat mear te rêden.
Gjinien rekke by de brân ferwûne. Wol hat de brânwacht oant jûns let oan it neiblussen west. De skea rint yn de tonnen.