Twarres komt mids april mei CD

© Omrop Fryslân
Mirjam en Johan fan Twarres komme heal april mei har earste CD út. Troch it grutte sukses fan 'Wêr bisto' moast de plande útjefte yn jannewaris ferskood wurde. It duo hie it te drok mei optredens.
Op de CD steane twa Frysktalige nûmers. De oare lieten binne yn it Ingelsk. De nije, Ingelsktalige, single komt begjin maart op 'e merk.