Oar foarrangsbelied keap kavels

B en W fan Ljouwert wolle guon minsken miskien wol foarrang jaan by it keapjen fan in boukavel. Oant no ta is dat yn Ljouwert frij foar elkenien. Omdat de kommende jierren yn de doarpen fan de gemeente net in soad boud wurde mei, wol Ljouwert dat systeem miskien loslitte.
Minsken út it doarp soene dan rjocht ha op de earste keap fan in kavel. Dat stiet yn de doarpenotysje fan Ljouwert.