Hieltyd mear reklame yn it Frysk

© Omrop Fryslân
Der wurde hieltyd mear reklamespots makke yn it Frysk. Dy konklúzje luts sjueryfoarsitter Jonkman by de útrikking fan de Fryske reklamepriis. Ek de kwaliteit wurdt hieltyd better, neffens de sjuery.
De priis foar de radioreklames gie nei de spots fan Mediamarkt. Yn de kategory televyzje waard de priis wûn troch Friesland Tapijt.