Hogerhuis-saak net iepen

De 'Hogerhuissaak' wurdt net op 'e nij iepene. Durk van der Schaaf hie advokatetwilling Anker frege te besjen oft de nammen fan Marten, Keimpe en Wybren Hogerhuis suvere wurde koenen.
Hûndert jier lyn waarden se ûnterjochte fan ynbraak beskuldige, mar se moasten al in finzenisstraf útsitte. Yn it wenplak fan Van der Schaaf, Bitgummole, is in tinkstien foar de trije bruorren.