Tukker mei auto fêst op Waad

In ynwenner fan Almelo (32) hat snein mei syn jeep fêstsitten op it Waad. Dat duorre langer as nedich is, om't de man per GSM de plysje de ferkearde lokaasje trochjoech. Hy sei dat er tusken Ballum en Hollum wie, mar siet op Oerd.
De auto siet 100 meter út 'e kust yn it slyk. De doarren koene noch krekt iepen. In sleepauto kaam op in stuit ek fêst te sitte. In shovel hat se derút lutsen.