Soad fragen oer enerzjyrekken

Enerzjybedriuw Essent yn Ljouwert wurdt platbelle troch fersleine klanten. Oarsaak binne de enerzjyrekkens, dy't in stik heger binne. Essent hat it tal tillefoanlinen ferdûbele.
In soad minsken krije wol jild werom oer it jier 2000, mar moatte fan no ôf in folle heger foarskot betelje. Dat komt troch de saneamde ekotaks, in nije ferbrûksbelesting.