Buorden by 8 buorskippen?

Acht útbuorrens yn Tytsjerksteradiel kinne har meikoarten miskien offisjeel buorskip neame. Feitliks hâldt de status yn dat de plakjes in boerd by de dyk krije.
B en W wol de plakjes de status wol jaan. Mar de bewenners fan bygelyks De Harste, It Wytfean of Noardermar moatte dêr dan sels om freegje. It plan wurdt moandei yn in riedskommisje besprutsen.