GGZ heint eks-kriminelen op

© Omrop Fryslân
De GGZ yn Frjentsjer kriget in ôfdieling foar psychiatryske pasjinten mei in krimineel ferline. De ôfdieling komt op it plak dêr't earst it Groene Hart fan 'e GGZ festige wie.
Op de nije ôfdieling kinne 24 pasjinten terjochte. Dat binne minsken dy't wol in krimineel ferline hawwe, mar net ta TBS feroardiele binne. De gemeente tinkt net dat der problemen komme sille.