Muzyk Maskelyntrofee foar Bakker

© Omrop Fryslân
Muzikus Piebe Bakker út Wommels hat sneon de Muzyk Maskelyntrofee krigen. De direkteur fan Omrop Fryslân rikte him de priis út by it Brassbandfestival yn de Ljouwerter Harmonie.
Bakkker wurdt sjoen as grut ambassadeur fan de blaasmuzyk, foaral yn de hafabra. Oant syn pinsjoen yn 1989 ta wie er muzykskoalledirekteur yn Boalsert. Hy wie suksesfol dirigint fan in tal korpsen.