BP ferkeapet Fryske pompen

© Omrop Fryslân
Oaljemaatskippij BP wol 260 fan de 750 bensinestasjons yn Nederlân ferkeapje. Fan de te ferkeapjen pompen steane 40 yn Fryslân. It giet benammen om de lytsere.
Neffens in wurdfierder ferlieze de dealers har kontrakt mei BP. In bedriuw yn Geertruidenberg nimt de distribúsje fan brânstof oer. Ek wol it bedriuw de winkels fierder ûntwikkelje.