Boarstbyld Jopie Huisman klear

© Omrop Fryslân
Der komt in byld fan Jopie Huisman. It boarstbyld wurdt nije wike freed yn it Jopie Huismanmuseum yn Warkum troch pakesizzers ûntbleate. De freonekring fan it museum hat it byld oan de Frysk skilder oanbean doe't er 75 jier waard.
Keunstner Frans Ram fan Hegebeintum hat it byld no klear. Huisman ferstoar yn septimber op 77-jierrige leeftyd. Hy hat it byld al wol sjoen.