Subsydzje foar ryksmonuminten

© Omrop Fryslân
Fjouwer ryksmonuminten yn Fryslân krije meielkoar hast 9 miljoen gûne restauraasjejild. Steatssekretaris Van der Ploeg jout 3 miljoen oan Fogelsangstate yn Feankleaster en 2,7 miljoen foar de Sint Werenfridus tsjerke yn Warkum.
Fierder krije de Jacobijner tsjerke en de kaaimuorren, pipen en kelders yn Ljouwert mei-elkoar goed 3 miljoen. Twa Boalserter tsjerken falle bûten de boat.