Súksesferhaal fan jonge skilder

© Omrop Fryslân
It giet dat it slydjaget mei de skilderijen fan Martin Sybesma út Kûbaard (32). Sneon is in eksposysje mei syn wurk iepene yn Galery Goutum en no al binne hast alle wurken ferkocht.
De skilderijen kostje tusken de 2000 en 15.000 gûne. De doeken bliuwe hingjen oant 4 maart. Sybesma is in autodidakt. Hy waard ôfwiisd foar de keunstakademy fanwege in te lege foaroplieding.