Acht jier foar Angelique van E.

© Omrop Fryslân
Angelique van E. is moandei feroardiele foar deaslach op Risanne Tingen (1) út Appelskea. It gerjochtshôf yn Ljouwert lei har acht jier selstraf op.
It hôf achte it bewezen dat Van E. it famke ombrocht hat. Van E. wie sels net by de útspraak oanwêzich. Daliks dêrnei is se yn hechtenis nommen. Earder spruts de rjochtbank har frij. Foar Van E. is no allinnich noch kassaasje mooglik.