CDA wol garânsjes foar Noarden

© Omrop Fryslân
It CDA yn 'e Twadde Keamer wol fan it regear de garânsje dat se ôfspraken oer ekonomyske stipe oan it Noarden neikomme. Minister Jorritsma en steatsekretaris Ybema moat dêr dúdlikens oer jaan.
Oanlieding is in útspraak fan in hege amtner op Ekonomyske Saken. Dy sei ferline wike dat de stipe better jûn wurde kin oan de grutte stêden. CDA'er Atsma freget moandei om opheldering.