Wapene oerfal op supermerk

© Omrop Fryslân
In 17-jierrige jonge is freed ferwûne rekke by in wapene oerfal op in supermerk. Krekt foar seizen kamen twa mannen mei bivakmûtsen de Poiesz-supermerk oan de Oosterkade yn Ljouwert yn. Se pakten in meiwurkster in jildlaad ôf.
Doe't de 17-jierrige meiwurker helpe woe, waard er yn syn skonk sketten. Hy is nei it sikehûs brocht. De oerfallers binne mei it jild útnaaid.