Mooglik herhelling ABE-spektakel

© Omrop Fryslân
It teaterspektakel ABE wurdt mooglik nochris opfierd. Dat soe barre moatte by de iepening fan de twadde fase fan de fernijing fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.
Yn juny falt in beslút oer it al of net trochgean fan dy twadde fase. As dat beslút posityf is, sil besjoen wurde oft ABE op 'e nij opfierd wurde kin. Dat soe dan net earder as yn 2004 wêze.