Cambuur set min út ein

© Omrop Fryslân
It fuotbalseizoen 2001 begjint min foar Cambuur. De Ljouwerters ferlearen yn eigen stadion mei 0-3 fan it leech spyljende Eindhoven. Cambuur sette aardich út ein, mar nei 10 minuten wie it dien.
By de rêst wie it 0-1 troch in doelpunt fan MacDonald. Temrukov en Konings makken der 0-3 fan. Cambuur hie net folle lok mei trije kear in skot op 'e latte.