Meldpunt klachten oer asylsikers

© Omrop Fryslân
Middenstânsferiening HIM yn Kollum kin in meldpunt wurde foar minsken dy't klachten hawwe oer asylsikers. Dat is ien fan de oanbefellings fan de bemiddelers Te Loo en Wierstra dy't in oplossing sykje foar it asylsikerskonflikt.
Neffens de bemiddelers is mear oerlis nedich tusken HIM, plysje en gemeente om kriminaliteit troch asylsikers foar te kommen. Winkellju kleie oer oerlêst.