Skripsjepriis nei Van der Goot

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân-meiwurkster Annelies van der Goot hat de skripsjepriis fan 'e Fryske Akademy wûn. Van der Goot krijt de priis foar har skripsje oer it Fryske hongeroproer fan 1847.
Histoarika Van der Goot hat fiif jier oan de skripsje wurke. Yn 1847 wie der in foedselkrisis yn Fryslân. It folk kaam yn opstân doe't út Harns wei jirpels útfierd waarden.