Ids Postma tredde op 1500 meter

© Omrop Fryslân
Marianne Timmer mei oan de Wrâldbekerwedstriden meidwaan. By de skate-off yn Thialf op It Hearrenfean einige se woansdei as earste op de 1500 meter.
Jochem Uytdehaage wûn yn Thialf op de 1500 meter in startbewiis foar it WK allround. Mei Jan Bos en Ids Postma dy't respektyflik twad en tred waarden, sil Uytdehaage de myl ride by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf, begjin febrewaris.